Automobilist ramt brêgeleuning en lantearnepeal Ljouwert

30 mrt 2015 - 19:43

In autobestjoerder hat moandeitejûn in stiennen brêgeleuning en in lampepeal oan pún riden op de Weideflora yn Ljouwert. De bestjoerder woe nei alle gedachten útwike foar in kat.

De automobilist is op it plak fan it ûngelok oan syn ferwûnings behannele. De brêgeleuning en de lampepeal binne troch de klap yn it wetter belâne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)