"Oplossings swalkôffal: mear kleur op ôffalbakken"

30 mrt 2015 - 18:00

Jou ôffalbakken moaie kleurkes en organisearje mear himmelaksjes. Dat binne advizen fan learlingen fan ferskate Fryske skoallen yn aksje tsjin swalkôffal. De hiele moanne hawwe bern fan de Maritime Akademy en it RSG Simon Vestdijk yn Harns, it Anna Maria van Schurman yn Frjentsjer, it Bogerman College yn Wommels en OBS Oan 't Skipperspypke yn Koarnjum neitocht oer oplossings foar swalkôffal. Dy binne no presintearre oan de gemeenten.

De aksje fan de Fryske Miljeufederaasje makket diel út fan it gruttere projekt 'Samen Fryslân Schoon'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)