Skeaclaim Vaatstra's woansdei foar de rjochter

30 mrt 2015 - 17:46

De rjochtbank yn Ljouwert behannelet woansdei de skeaclaim fan de mem, bruorren en suster fan Marianne Vaatstra. De famylje easket jild fan de moardner fan Marianne, Jasper S. Se wolle kompenseard wurde foar it ferlies fan harren dochter en suster.

Earder hat de rjochtbank al in skeaclaim tawiisd oan Bauke Vaatstra. De heit fan Marianne krige 40.000 euro. Hoe heech oft de claims fan de oare famyljeleden binne, is net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)