Natuermuseum 'leukste útstapke' yn ANWB-ferkiezing

30 mrt 2015 - 15:54

It Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert is it leukste útstapke fan Fryslân. Dat fine leden fan de ANWB. Dy koene de ôfrûne tiid stimme op harren favorite útstapke. It natuermuseum hat de ferkiezing wûn. Dat komt ûnder oare troch de sfear dy't der hinget, mar ek trochdat it personiel sa aardich is.

It Woudagemaal op 'e Lemmer einige op it twadde plak en it Kameleondoarp yn Terherne op it tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)