Hurdfytsbûn neamt nijs oer útsluting Astana "misliedend"

30 mrt 2015 - 15:10
  • Lieuwe Westra

Ynternasjonaal hurdfytsbûn UCI ûntkent dat it al in beslút nommen hat oer de lisinsje fan de Astanaploech. It bûn neamt it nijs yn De Telegraaf 'misliedend'.

Hurdfytssjoernalist Raymond Kerckhoffs skreau moandei yn syn krante dat de UCI de World Tour-lisinsje fan Astana foar de rest fan it seizoen ynlûke wol. Dat soe betsjutte dat de ploech fan Lieuwe Westra fan 'e Tynje dit jier gjin grutte koersen mear ride mei. Kerckhoffs seit dat er dat fan in hege bestjoerder fan de UCI heard hat.

It ynternasjonaal hurdfytsbûn soe de lisinsje fan Astana ynlûke wolle, omdat de ploech gjin goede gegevens fan it anty-dopingbelied fan de ploech trochjûn hat. Ferline seizoen wiene der mei-inoar fiif dopinggefallen by it team út Kazachstan, trije by de opliedingsploech en twa fan de bruorren Iglinsky. Oant no ta hie Astana in lisinsje ûnder betingst krigen fan de UCI. Lieuwe Westra wie net berikber foar kommentaar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)