Bearen en wolven nije publykslûkers fan Aqua Zoo

IIsbearen, brune bearen en wolven wurde de nije attraksjes fan bistepark Aqua Zoo yn Ljouwert. De nije eigener Libéma stekt de kommende jierren 1,25 miljoen euro yn de Fryske dieretún. De bisteferbliuwen krije in opknapbeurt en it park wurdt oanpast. Der komt in seehûnesafary en der komme nije shows mei seebearen, pinguins en ara's.
Guon bisten út it eardere bistepark Wissel yn Epe binne nei Ljouwert oerbrocht. De bisten yn it park moatte tenei ek better sichtber wêze foar de besikers.