Nijbou ôfbaarnde huzen op De Kelders begûn

De grêft oan Over de Kelders yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Evert van den Berg
De werbou fan de gebouwen oan De Kelders yn Ljouwert is moandei úteinset. De nijbou duorret oant oktober. Om't de piip ynrjochte is as bouplak is der in needbrêge foar kuierders dellein. Auto's en bussen moatte omride.
By de grutte brân op De Kelders oardel jier lyn kaam in man om it libben.