Plysje freget ynwenners op sosjale media om help

Ynbraak © Omrop Fryslân
Plysje Súdeast-Fryslân set sosjale media yn om in tal misdriuwen op te lossen. Op Facebook en Twitter stiet in oprop om mei ynformaasje te kommen oer in rige ynbraken en oerfallen yn Aldskoat en omkriten. Reden is in taname fan meldings en oanjeftes.
De plysje ûndersiket ûnder mear in oerfal op in snackbar en in tal ynbraken yn in supermerk, in kroech en in wenning. Oft de misdaden ferbân hâlde, is net bekend.