Appelskea krijt befrijingsmonumint

Appelskea
Yn Appelskea wurdt meikoarten in monumint ûntbleate as oantinken oan de befrijing yn de Twadde Wrâldoarloch. Appelskea waard yn april 1945 befrijd mei help fan Frânske parasjutisten. Dy kamen yn de buert fan it plak del en holpen mei yn de striid tsjin de Dútsers.
Yn it monumint is in plakette ferwurke dy't Appelskea tsien jier lyn krige fan dizze parasjutisten. Sy of har famylje komme no ek wer nei de ûntbleating.