Jonge bumperklever oanhâlden by Frjentsjer

30 mrt 2015 - 06:44

In 19-jierrige jonge út Burgum is snein oanhâlden om't hy mei in snelheid fan 170 kilometer yn de oere oan it bumperkleven wie, wylst it hurd waaide en reinde. De hurdrider waard oanhâlden op de A31 by Frjentsjer. Hy hie syn rydbewiis noch mar trije moanne. Neist in proses-ferbaal is de Burgumer oanmelden by it CBR foar in kursus oer goed rydgedrach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)