Fertochten diskobus yn byld

© Omrop Fryslân
De plysje ferwachtet meikoarten fertochten oan te hâlden foar it geweld en de fernielerij yn de diskobus Harns-Berltsum. De bus rydt foarearst net wer fanwege it oanhâldende fandalisme en geweld. It ôfrûne wykein wie der in fjochtpartij yn de bus tusken jongeren út Tsjummearum en Harns. Dêrby waarden fan bûten stiennen troch de ruten fan de bus smiten. In bewaker yn de bus rekke dêrby ferwûne.
De plysje hat yntusken de bylden besjoen fan de bewakingscamera en dêrop binne meardere jongeren dúdlik te herkennen.
De skea fan de fernielings rint yn de tûzenen euro's. Besocht wurdt dit op de âlders te ferheljen.