Joost van Aken docht net mei oan wedstriid tsjin Frankryk

Joost van Aken © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Joost van Aken hat it trainingskamp fan Jong Oranje ferlitte moatten. De spiler fan SC Hearrenfean hat lêst fan in hamstringblessuere. Dêrtroch is er net ynsetber foar de oefeninterland tsjin Frankryk. Dat hat de KNVB snein bekend makke.
Bûnscoach Remy Reijnierse hat Jeff Hardeveld fan FC Utrecht as ferfanger oan de seleksje taheakke. De wedstriid tsjin Frankryk wurdt moandei spile yn Sedan.