FVC lit swier befochten lykspul yn slotfaze slûpe

29 mrt 2015 - 16:00

FVC ferlear snein mei 3-2 fan Be Quick 1887. Op sportpark Wiarda krige Jeffrey Hollander it publyk al nei 21 minuten spyljen op de banken mei de iepeningstreffer. Yn de 35e minút wie it oan de oare kant ek raak en kamen de gasten út Grins op likense hichte.

Fuort nei rêst hie Be Quick 1887 it fizier op 'e nij op skerp en makke yn de 49e minút de 2-1. Omar Wijnja soarge nei in goed oere spyljen foar de Ljouwerter lykmakker. Lang like FVC ôf te gean op in swier befochten lykspul, mar mei noch 7 minuten op 'e klok tekene Be Quick foar de 3-2.

Trefwurden: 
fuotbal Ljouwert Wiarda FVC
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)