Ljochten út op ferskate plakken foar Earth Hour
Yn Fryslan giene sneontejûn om healwei njoggenen op tal fan plakken de ljochten in oere lang op swart. Sikehûs MCL yn Ljouwert die ek mei. Dêr waard it opfallende keunstwurk by de súdlike sydmuorre útset. Dat bestiet út ljochtbakken dy't yn wikseljende kleuren by de muorren op skine.
Oer de hiele wrâldwiid giene sneon de ljochten út yn it ramt fan Earth Hour. Dêrmei wurdt omtinken frege foar de kwetsberheid fan 'e ierde en foar de gefolgen dy't klimaatferoarings mei harren meibringe. Om healwei tsienen giene de ljochten wer oan.
Yn Aldegea (Sm.) wie Earth Hour ûnderdiel fan de iepening fan in nij dichterspaad yn it doarp. Aldegea is it earste doarp dat meidocht in projekt fan arsjitekte Nynke Rixt Jukema mei de namme Feel the Night. Dêrmei wol se 'de pracht fan de nacht' oantsjutte. In meiwurker fan it enerzjybedriuw koe mei ien druk op de knop de iepenbiere ferljochting yn it doarp Aldegea útsette.