"Oanspraaklikens moat by gemeente bliuwe"

29 mrt 2015 - 12:46
  • Unfeilich sithokje op fuotbalfjild

De oanspraaklikens foar ûngelokken op terreinen fan sportklups moat by de gemeente bliuwe. Dat fine sportklups yn de gemeente Achtkarspelen.

Wethâlder Martin van der Veen wol de oanspraaklikens by ûngelokken mei sport- en spulfoarsjennings oerdrage fan de gemeente oan de sportklups sels. De lytse sportferienings wolle dat net. Foarsitter Ed van der Meulen fan kuorbalferiening Boelensloane tinkt dat de risiko's foar lytse ferienings te grut binne. It soe boppedat betsjutte dat de ferienings sport- en spultastellen fuorthelje moatte.

De kwestje fan de oanspraaklikens libbet bot yn de gemeente nei in ûngelok mei in dug-out op in fuotbalfjild yn Twizel. Dy stoarte yn maaie ferline jier yn op in skoalsportdei. Dêrby kaam in 10-jierrich famke om it libben en rekken oare bern ferwûne.

De gemeenteried fan Achtkarpselen moat noch wol oer de saak fan de mooglike oerdracht fan de oanspraaklikens fan gemeente nei sportklups te set.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)