Brassband De Bazuin út Oentsjerk wint muzykkonkoers

De Bazuin Oentsjerk is de winner fan de konsertdivyzje fan it muzykkonkoers OFM, sneon yn De Lawei yn Drachten. Se hellen 95 punten, wat gelyk stiet oan rapportsifer 9,5. Yn novimber waard De Bazuin Oentsjerk ek al Nederlânsk kampioen.
De priis foar it bêste ynspylwurk foar de tredde en twadde divyzje gie dit jier nei twa orkesten: De Bazuin Winsum (Gr.) en Oranje Gruttegast. Sy hellen beide 89,66 punten op harren ynspylwurk. De winners fan de tredde divyzje wie Concordia Balk. Sy meie de oare kear útkomme yn de twadde divyzje.
Foarsitter Durk Dam fan it OMF makke sneon bekend er dermei ophâldt. Dam hat goed fjirtich jier yn it bestjoer fan it Fryske Muzykbûn sitten. Der is noch gjin opfolger foar Dam, mar dêr wurdt hurd oan wurke.