Follybalfroulju Snits ferlieze yn fiif sets fan Alterno

De follybalfroulju fan VC Snits ha sneon yn fiif sets ferlern fan Alterno út Apeldoorn. De ploech fan Petra Groenland kaam twa kear in set foar, mar yn de beslissende fiifde set luts Alterno mei 18-16 oan de langste ein. Yn in tige spannende slotfaze draaide Snits in 11-14 efterstân om yn in 15-14 foarsprong, mar de genadeklap foel net. De Snitsers wienen min te sprekken oer de arbitraazje, dy't meardere kearen beslissingen yn it neidiel fan Snits naam. Yn de kampioenspûl mei seis teams stiet Snits mei noch twa duels te gean op it twadde plak.