ONS Boso Snits ferliest by Spakenburg

Topklasser ONS Boso Snits ferlear sneon mei 3-1 fan de nûmer twa Spakenburg. Yn Spakenburg wie de earste goede kâns foar de thúsploech, mar Arnold Herder koe de bal foar de line noch keare. Op slach fan rêst soarge Ale de Boer foar de Snitser iepeningstreffer. Nei it skoft kaam Spakenburg rap op likense hichte.
Nei in diskutabele reade kaart foar keeper Ivan Landlust moast ONS mei tsien man fierder. Spits Tjisse Kerkstra kaam as ynfaller op goal. Spakenburg profitearre optimaal fan de wiksel troch rap 2-1 en 3-1 te meitsjen.
Kerkstra die it lykwols net min op 'e goal en ONS krige ek mei tsien man noch bêste kânsen. Troch it ferlies bliuwt ONS Boso stykjen op 27 punten út 25 wedstriden.