Sjoerd de Vries wiken skrast troch team Corendon

28 mrt 2015 - 16:10

Reedrider Sjoerd de Vries fan Twellingea is troch syn team Corendon oant 17 april skrast. Dat meldt de NOS. Ek syn teamgenoaten Koen Verweij, Renz Rotteveel en Maurice Vriend meie de kommende trije wiken net foar Corendon útkomme.

Oanlieding soe in mail wêze dy't de fjouwer reedriders ferstjoerd hawwe dêr't se it betrouwen yn trener Jan van Veen en teammanagers Chiel van Praag en Martijn Kabbes yn opsein hawwe. De fjouwer wolle nei in teloarstellende winter in tal drastyske feroarings yn it team.

Corendon wol neffens de NOS net op de saak reagearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)