Iepen huzerûte yn ramt fan wenoffinsyf

28 mrt 2015 - 14:31
  • Hûs te keap

De iepen huzerûte sneon is ûnderdiel fan it wenoffinsyf fan de provinsje. In moanne lang wurdt yn april fan alles dien om de Fryske wenningmerk in ekstra ympuls te jaan. Troch bygelyks subsydzjeregelingen foar renovaasje en enerzjysunige maatregels. Op 11 april ha gemeentehuzen noch in wenningbeurs. Ferline jier smiet it wenoffinsyf mear ferkochte huzen op yn ferliking mei it jier dêrfoar.

Yn Ljouwert hat de famylje Oppenhuizen har hûs oan de Aert van der Neerstrjitte al twa jier te keap stean. Se hoopje op in soad belangstelling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)