Ljocht sneontejûn in oere út mei Earth Hour

28 mrt 2015 - 13:23

Oer de hiele wrâld giet sneontejûn it ljocht in oere út yn it ramt fan Earth Hour. Doel is dat ynstânsjes en partikulieren sa omtinken freegje foar de takomst fan de ierde. Yn Ljouwert is it tusken 20.30 en 21.30 oere ûnder oare tsjuster op de Aldehou en ek it ljochtkeunstwurk by sikehûs MCL wurdt útset.

It Wereld Natuur Fonds organisearret yn Ljouwert in ljochtoptocht en der binne tal fan aktiviteiten en muzykoptredens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)