Frysk damjen-app presintearre yn Frjentsjer

28 mrt 2015 - 12:13

Frysk damjen moat populêrder wurde en dêrom is de Frysk damjen-app ûntwikkele. De app is nedich om benammen mear bern oan it Frysk damjen te krijen. Frysk damjen wurdt sjoen as it meast yngewikkelde damspul. Foar begjinnende spilers is de app dêrom in handich ding foar op de mobile telefoan of tablet.

De app is sneon presintearre yn it âlde stedhûs fan Frjentsjer. Deputearre Tineke Schokker die de earste set op de Frysk damjen-app.

Trefwurden: 
Frjentsjer app Frysk damjen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)