Ljouwerter kroechbesiker bedriget befeiliger

© ANP
De plysje hat freedtenacht yn Ljouwert in 24-jierrige ynwenner fan de stêd oppakt, omdat er wegere út in kroech yn de Alde Doelesteech te gean. De man wie ferfelend tsjin in meiwurker en moast dêrom de saak út. Hy wegere en der moast in befeiliger by komme om him de doar út te setten. De plysje waard oproppen om't de man de befeiliger bedrige. De man is meinaam nei it buro en krijt proses-ferbaal.