Lilke Drachtster ferwûnet plysjeman yn Ljouwert

28 mrt 2015 - 11:06

Yn Ljouwert hat de plysje sneontemoarn betiid in 34-jierrige Drachtster oanhâlden. Op it Ruterskertier waard de plysje roppen om't twa mannen by in ytgelegenheid spul hienen. Doe't de plysje mei it duo prate woe, foel de Drachtster de oar oan en ek de plysjeman waard oanfallen doe't dy tuskenbeide kaam. By de oanhâlding wie de Drachtster sa dwers dat de plysjeman oan de hân ferwûne rekke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)