Brabanner oanhâlden foar mishanneling yn Ljouwert

28 mrt 2015 - 10:39

In 22-jierrige man út it Noard-Brabânske Kruisland is freedtenacht oanhâlden op it Wilhelminaplein yn Ljouwert. Plysjes seagen dat de man in oare man sloech. Doe't ien fan de plysjes tuskenbeide komme woe, helle de man nei him út. De plysje koe de fûstslach krekt ûntwike. De man naaide doe út, mar koe even letter toch oanhâlden wurde. Hy is fêstset op it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)