Frijwilligers meitsje buert skjin op lanlike Opschoondag

28 mrt 2015 - 10:32

Op meardere lokaasjes yn Fryslân wurdt sneon meidien oan de lanlike Opschoondag. Under oare yn Ljouwert, Koarnjum en Kollum meitsje frijwilligers har buert of doarp skjin. Yn dat lêste plak komt it inisjatyf fan de gemeente, de wettersportferiening en de fûgelwacht.

Yn Koarnjum ropt doarpsbelang elkenien op om mei te dwaan, yn Ljouwert komt dy oprop ûnder oare fan in skoalle. Mei de lanlike Opschoondag wurdt omtinken frege foar omtoarkjend smoargens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)