Trio oanhâlden foar stellerij fan meubels

28 mrt 2015 - 10:16

De plysje hat freedtenacht twa Ljouwerters fan 20 en 26 jier en in 27-jierrige ynwenner fan Grins oanhâlden fanwege in ynbraak. De trije waarden toch in foarbygonger sjoen, doe't se bankjes meinamen fan in terrein oan de Snitsertrekwei yn Ljouwert.

De ynskeakele plysje koe de trije letter yn 'e buert oanhâlde. Doe die bliken dat se de karre achter har auto folladen hiene mei meubels fan it terrein dat ôfsletten wie. De trije binne foar fierder ûndersyk meinaam nei it buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)