Amerikaanske F-15's nei Ljouwerter fleanbasis

28 mrt 2015 - 09:39

De Amerikaanske loftmacht stasjonearret in tal F-15's op de fleanbasis yn Ljouwert. Amearika docht dat neffens eigen sizzen om de frede en stabiliteit yn Europa te hânhavenjen. Neffens definsje bliuwe de tastellen in oantal wiken op de basis fanwege in oefening en geane se dêrnei werom nei Amearika.

De jachtfleantugen dogge mei oan it programma Operation Atlantic Resolve, wêrby't fluchten troch it Europeeske loftrom dien wurde. Meielkoar wurde tolve F-15's nei Europa stjoerd. Neist Ljouwert komme dy yn Bulgarije te stean.

De tastellen nimme ek diel oan de oefening Frisian Flag fan 13 oant en mei 24 april.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)