CDA: 'Klups moat net oanspraaklik wurde by dug-out drama'

27 mrt 2015 - 21:27

As der yn de takomst wer ûngelokken gebeure mei in dug-out sa as yn Twizel ferline jier, moat de gemeente dêr gewoan oanspraaklik foar bliuwe. Dat fynt it CDA yn Achtkarspelen. Dizze partij is der poer op tsjin dat b. en w. de oanspraaklikheid tenei by de sportklups lizze wolle. Dy ferantwurdlikheid is fierstente grut foar frijwilligers, sa fynt de partij. Ferline jier maaie kaam yn Twizel in famke (10) om it libben, doe't in dug-out ynstoarte. Fiif oare bern rekken ferwûne. De gemeente wie oanspraaklik, omdat de dug-out op gemeentegrûn stie.

Wethalder Van der Veen fynt dat dy âlde sitewaasje ûndúdlik wie en wol dat dêr feroaring yn komt. Hy seit ek dat soks al goed mei de klups trochpraten is. Yn in petear mei Omrop Fryslân radio sprekt Van der Veen fan in oanpassing dy't past by de 'beleving' sa't dy al bestiet. It CDA hat dêr grutte twifels by. Neffens de partij soe it better wêze as de gemeente de oanspraaklikheid hâldt en de dug-outs alle jierren ynspekteart. Oer trije wiken nimt de ried fan Achtkarspelen in beslút.

Trefwurden: 
Twizel drama dug-out
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)