Aksje op Facebook foar opknappen badpaviljoen Hylpen

27 mrt 2015 - 21:21

Op Facebook is in aksje geande foar it opknappen fan it badpaviljoen by Hylpen. Al mear as 1200 minsken hawwe in reaksje efterlitten. It paviljoen wie neffens inisjatyfnimmer Marjan Poutsma fan Snits ea it Kurhaus oan de Sudersee. Op de Facebookside binne plaatsjes en animaasjes te sjen fan it opknapte paviljoen. Der wurdt al jierren praat oer in restauraasje fan it fertutearze gebou, mar de gemeente en de eigener komme der net út. Minsken kinne fia Facebook oanjaan watfoar aksje der komme moat om it paviljoen op te knappen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)