Steatssekretaris Dijksma wol fergassen mûzen tastean

Steatssekretaris Dijksma wol sykje nei in oplossing foar de mûzeskea © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Steatssekretaris Sharon Dijksma fan lânbou lit ûndersykje of it fergassen fan mûzen tenei brûkt wurde kin as middel tsjin de pleach yn Fryslân. In bedriuw út Limboarch hat in metoade ûntwikkele om mûzen stikke te litten mei help fan CO2.
Marianne Thieme fan de Partij voor de Dieren is tsjin dizze metoade dy't neffens har tsjin de Europeeske regels yngiet. Dijksma wol it no juridysk mooglik meitsje om de metoade dochs brûke te kinnen. It probleem yn Fryslân fertsjinnet neffens har in serieuze oanpak.