Gemeente wol minsken dy't wat mankearje oan it sporten krije

De gemeente Ferwerderadiel wol minsken dy't wat mankearje safolle mooglik oan it sporten krije. Dêr is freed in spesjaal projekt foar begûn. Ut ûndersyk hat bliken dien dat minsken mei in beheining of groanyske sykte yn Ferwerderadiel folle minder faak oan sport dogge as sûne minsken. Sy krije no in brief mei in oprop om mei te dwaan oan in fitheidstest. Dêrnei krije se in sport- of beweechadvys.
Letter dit jier begjint yn Dongeradiel ek sa'n projekt.