Hotelkeamer yn Ljouwerter beamhutte

Wa't yn Ljouwert oernachtsje wol, kin tenei ek yn in beamhutte telâne. De earste beamhutte is freedtemoarn oan de Sudergrêftswâl yn 'e beammen pleatst. De beamhutte is boud yn Dokkum en is krekt wat grutter as de trochsneed beamhutte: 4,5 meter breed, 6 meter lang en hast 3,5 meter heech.
De hutte fan 3,5 ton is boud troch it bedriuw Technotrain. It is spesjalistysk wurk, dêr't se spesjale dakspanten foar makke hawwe. Ek moast it bedriuw rekken hâlden mei it ferfier. De beamhutte yn Ljouwert is bedoeld as blikfanger.
It bedriuw hopet dat minsken sa nijsgjirrich wurde, dat se beslute om mei in groepke ek hutten oan te skaffen. It is noch net bekend wannear't de earste hotelgasten der yn sliepe sille. It falt net út te sluten dat betinker Hoekstra, nei jierren fan dreamen en tarieding, de beamhutte earst sels in nacht úttest.