Wrâldtitel Alyda Norbruis op 3 km achterfolging

27 mrt 2015 - 14:30
  • Alyda Norbruis (hjir yn Apeldoorn)

Hurdfytster Alyda Norbruis fan Oerterp hat freed yn Apeldoorn har wrâldtitel op de trije kilometer achterfolging prolongearre. Dat die se troch yn de finale de Sinese Zeng Sini te ferslaan yn in tiid fan 4 minuten, 22 tellen en in bytsje. De ynwenster fan Oerterp die dat op it wrâldkampioenskip baanhurdfytsen foar sporters mei in beheining. It WK wurdt hâlden yn Apeldoorn.

Tongersdei wûn Norbruis ek al goud op de 500 meter. Dêr pakte se boppedat in wrâldrekôr, troch as earste frou yn har klasse ûnder de 40 sekonden te riden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)