Crone slút wente Camstrabuorren fanwege drugsoerlêst

27 mrt 2015 - 14:19
  • Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert hat freed op 'e nij in wenning foar seis moannen sluten yn ferbân mei drugsoerlêst. It giet om in hûs oan de Camstrabuorren. Yn de wenning fûn de plysje in hannelsfoarried harddrugs. Ek hienen omwenners al ferskate meldings fan oerlêst dien.

De sluting fan drugspannen is ûnderdiel fan it nije hanthaveningsbelied fan de gemeente Ljouwert. Yn gearwurking mei plysje en Iepenbier Ministearje wol de gemeente Ljouwert de oerlêst tebekkringe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)