Hans Aarsman siket foto's fan Unesco-wrâlderfguod

27 mrt 2015 - 13:35

Fotograaf en sjoernalist Hans Aarsman is op syk nei foto's fan UNESCO-wrâlderfguod yn Nederlân. It giet him net om de objekten sels, mar om foto's fan skilderijen, tegeltablo's, skaalmodellen of oare ôfbyldings fan it erfguod. Doel is dat minsken dy't soks yn 'e hûs hawwe dêr in foto fan meitsje en dy opstjoere nei de organisaasje. Dy kiest de njoggen moaiste foto's út, it publyk mei in tsiende winner kieze.

Yn Fryslân hawwe it Woudagemaal by De Lemmer en de Waadsee de status fan UNESCO wrâlderfgoed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)