Gemeente Súdwest-Fryslân wol helte minder wurkleazen

27 mrt 2015 - 12:10

De gemeente Súdwest-Fryslân wol it tal wurkleazen binnen trije jier mei de helte werombringe, fan tsien nei fiif persint. Om dat te berikken, moat der in maritym netwurk oprjochte wurde mei ûndernimmers en ûnderwiis. Ek wol de gemeente yn gearwurking mei ROC Friese Poort in masterclass ûndernimmerskip opsette om de ûndernimmersmentaliteit wer werom te krijen yn de gemeente.

Ek is wethâlder Maarten Offinga yn petear mei de Rabobank om te regeljen dat ûndernimmers makliker krediten krije kinne by de bank as se in bedriuw begjinne wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)