Ljouwerter op stellen scooter oanhâlden

27 mrt 2015 - 11:27

De plysje hat tongersdeitemiddei in 18-jierrige Ljouwerter oanholden. Hy ried op in stellen scooter. Plysjes seagen de man oer de Archipelwei riden. It foel de plysje op dat der gjin kenteken op de scooter siet. De bestjoerder krige dêrom in stopteken.

By kontrôle die bliken dat de scooter stellen wie. De Ljouwerter is oppakt en de scooter is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)