Haulerwykster mei stellen fyts yn auto oppakt
Plysjes hawwe tongersdeitejûn in man fan 33 jier út Haulerwyk oanholden. Se kontrolearren syn auto op de Jelle van Damwei yn Jobbegea en seagen in fyts achter yn de auto lizzen. By kontrôle die bliken dat de fyts stellen wie.
De fertochte moast mei nei it plysjeburo. De auto en de fyts binne foar fierder ûndersyk yn beslach nommen.