Gjin lobby Súdwest-Fryslân foar plysjeburo Koudum

Boargemaster Hayo Apotheker fan Súdwest-Fryslân is net fan doel om te lobbyen foar it behâld fan it plysjeburo yn Koudum. VVD, Gemeentebelangen en GrienLinks woenen dêr tongersdeitejûn yn in moasje om freegje, mar de folsleine koälysje stie achter it stânpunt fan de boargemaster. De moasje is oanhâlden.
Apotheker sei dat de sluting fan it buro yn Koudum gjin ynfloed hat op it gefoel fan feiligens, om't it allinnich om in gebou giet. Ek ferwachtet hy dat de oanrydtiden goed regele wurde, foardat de sluting definityf wurdt.
Op 9 april praat de Twadde Keamer noch oer de plannen fan de plysje.