Otto Jan Bokma fan It Heidenskip gjin boer fan it jier

26 mrt 2015 - 18:27

It is Otto Jan Bokma fan it melkfeebedriuw en tsiismakkerij op It Heidenskip tongersdei net slagge om boer fan it jier te wurden. Bokma wie ien fan de fiif nominearre bedriuwen foar de titel Agrarysk Undernimmer 2015. Fruitkwekers Leander en Peter Vereecken fan Dronten giene mei de priis nei hûs. Neffens de sjuery dogge alle dielnimmende bedriuwen oan topsport.

De Bokma's meitsje tsiis en eksportearje dat nei in grut ferskaat oan lannen. Boppedat buorkje sy biologysk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)