Fertochte ûngelok Sint Nyk takom wike foar de rjochter

26 mrt 2015 - 17:25

De frou út Sint Nyk dy't ferline jier augustus yn dat doarp in pear jonges oanriden hat, komt nije wike tongersdei foar de rjochter. De frou wurdt fertocht fan besykjen ta deaslach of it feroarsaakjen fan swier lichaamlik letsel. Se soe mei har auto twa jonges op 'e fyts achternei sitten ha. Der folge in oanriding wêrby't ien fan de jonges swier ferwûne rekke. De frou hat altiten sein dat it in ûngelok wie en dat se net mei opsetsin op de jonges ynriden is. De saak soarge foar in soad opskuor yn it doarp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)