Technykdei om mear technysk personiel te finen

26 mrt 2015 - 17:11

De fraach nei technysk personiel sil de kommende jierren fierder trochgroeie. Mar op it stuit is it foar bedriuwen yn Noardeast Fryslân al dreech om technysk persoaniel te finen. Om it imago fan it fak wat op te krikken, wie der hjoed in technykdei yn Tytsjerksteradiel.

Hûnderten bern sette hjoed in helm op en gean it fabryk yn. Tweintich technyske bedriuwen noegen de learlingen út. Want se sitte allegearre mei it selde probleem: personiel mei papieren is dreech te finen.

Undernimmers, skoallen en de gemeente wurkje gear om it byld dat de learlingen fan it wurk ha yn de technyk te ferbetterjen. Troch learlingen yn 'e kunde komme te litten mei it fak wolle de bedriuwen sjen litte wat it wurk no echt ynhâldt.

Yn de gemeente Dantumadiel rint it programma al fjouwer jier. De earste resultaten binne posityf. In pear jier lyn gie noch mar 30 prosint fan de learlingen foar de stúdzjerjochting natoer en technyk. Op dit stuit kiest de helte fan de skoalbern foar dat profyl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)