Provinsjale Steaten tongersdeitemiddei ynstallearre

De 43 leden fan de nije Provinsjale Steaten fan Fryslân binne offisjeel ynstallearre troch kommissaris fan de Kening John Jorritsma. Yn it nije Fryske parlemint sitte no 25 manlju en 18 froulju, fjouwer froulju mear as yn de foarige perioade. It CDA is de grutste partij mei acht sitten, folge troch de PvdA mei sân, de VVD en SP mei fiif, de FNP en PVV mei fjouwer, D66 en ChristenUnie mei trije, Grien Links, Partij voor de Dieren en 50+ mei ien.
De steateleden út de perioade 2011-2015 hawwe woansdei ôfskied nommen. Henk van der Veen (CDA), Annigje Toering (FNP) en Henni van Asten (PvdA) krigen in keninklike ûnderskieding, omdat se tolve jier sûnder ûnderbrekking yn de steaten sitten hawwe.