De Friese Poort hat tefreden personiel

26 mrt 2015 - 15:37
  • De Friese Poort oan de Anne Wadmanwei yn Ljouwert

Personiel fan ROC De Friese Poort is folle tefredener oer it wurkjen foar de skoallemienskip, as personiel fan oare ROC's yn Nederlân. Ut in ûndersyk docht bliken dat personiel fan de ROC's it wurk gemiddeld in lytse sân jout. De meiwurkers fan De Friese Poort sitte dêr in eintsje boppe. Fryslân hat noch in ROC: it Friesland College. Dêr binne se in stik minder tefreden oer it wurk, docht bliken út it ûndersyk. Lanlik sjoen ha dêr 25.000 minsken oan meidien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)