Amtlike fúzje East- en Weststellingwerf en Opsterlân

De gemeenten East- en Weststellingwerf en Opsterlân wolle amtlik fusearje. De ôfrûne jierren hawwe de trije gemeenten al op ferskate terreinen gearwurke. Ien op de fjouwer amtners wurket foar alle trije gemeenten. Mar út ûndersyk hat no bliken dien dat dit noch better kin. Dêrom hawwe de kolleezjes fan de OWO-gemeenten derfoar keazen op termyn amtlike te fusearjen. Dit betsjut dat East- en Weststellingwerf en Opsterlân bestjoerlik wol selsstannich bliuwe, mar dat achter de skermen oparbeide wurdt.
De gemeenterieden hawwe it lêste wurdt oer in amtlike fúzje, sy meie yn novimber in beslút nimme.