Leden fan RES yn mearderheid foar fúzje mei SC Boalsert

26 mrt 2015 - 10:57

Goed 90 prosint fan de leden fan de Boalserter katolike fuotbalklup RES hat woansdeitejûn ynstimd mei de fúzjeplannen. It ledetal fan fuotbalklup út 1936 rint achterút en om dy sitewaasje te kearen wol it bestjoer no fusearje mei SC Boalsert. It bestjoer fan dy klup stiet dêr posityf tsjinoer. Inkelde donateurs fan RES hawwe al oanjûn harren lidmaatskip op te sizzen nei de fúzje. Under de leden wie wol wat emoasje oer it ferdwinen fan de klup, mar neffens bestjoerder Gerrit Stornebrink is der ek begryp foar de sitewaasje.

Yn maaie wurdt it definitive beslút naam.

Trefwurden: 
fuotbal Boalsert RES
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)