Earepenning wetterskip foar Foeke de Wolf

26 mrt 2015 - 10:32
  • Paul van Erkelens en Foeke de Wolf

Foeke de Wolf (83) út Grou hat woansdeitejûn de earepenning fan Wetterskip Fryslân krigen. Dykgraaf Paul van Erkelens hat de ûnderskieding útrikt. De Wolf is al tsientallen jierren belutsen by it wetterbehear yn Fryslân. De earepenning wurdt mar selden útrikt. De Wolf is de fjirde persoan dy't him krigen hat. Wa't in earepenning krijt, mei him eareboarger fan Wetterskip Fryslân neame.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)