Aksjefierende plysje dielt flyers út foar bettere cao

26 mrt 2015 - 10:08

De plysje hat tongersdeitemoarn op it stasjon yn Ljouwert flyers útdield. Mei de aksje wol de plysje omtinken freegje foar de cao-ûnderhannelings. Neffens de plysjefakbûnen binne de nije cao-foarstellen in klap yn it gesicht fan plysjeminsken en toant dit 'in gebrek oan weardering fan it kabinet'. Ferline wike freed hawwe de plysjeminsken ek al aksjefierd troch in minút lang de sirenes oan te setten. Dy aksje wurdt freed werhelle.

Trefwurden: 
CAO plysje aksjefiere
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)