Nachtlike stekpartij yn sintrum Ljouwert

26 mrt 2015 - 09:49

De plysje hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei in Ljouwerter fan 52 jier oanholden op De Weaze yn de stêd. Om trije oere hinne krige de plysje in melding fan in rûzje. Plysjes troffen op strjitte in ferwûne man oan, it giet om in 50-jierrige ynwenner fan Ljouwert. Hy wie stutsen mei in skerp foarwerp. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Hy is bûten libbensgefaar. De fertochte sit fêst op it buro. De plysje docht fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)